Bijleveld sjocht nei fúzje

Ank Bijleveld fan Ynlânske Saken
Steatssiktaris Ank Bijleveld fan Ynlânske Saken praat tiisdei mei riedsleden en gemeentebestjoerders út de Súdwesthoeke oer in mooglike weryndieling. Yn it gebiet wurdt al skoften praat oer in fúzje fan de gemeenten. Se binne te lyts om selsstannich goed bestean te kinnen.
De gemeenten hawwe koartlyn âld foarsitter fan de publike omrop Harm Bruins Slot as spesjale ynformateur oansteld om te sjen hokker gemeenten it bêste fusearje kinne soene.