Nij fûns foar jonge bedriuwen

© Omrop Fryslân
Jonge Fryske ûndernimmers, dy't muoite ha jild te krijen foar de ûntwikkeling fan ideeën kinne ynkoarten gebrûk meitsje fan in nij fûns. It giet om it saneamde Fryslân Developement fûns.
De Rabobank Noardwest Fryslân, in ynvestearringsfûns fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken en de provinsje Fryslân ha der twa en in heal miljoen euro ynstutsen. It fûns is bedoeld foar ûndernimmers, dy't by de gewoane bank gjin liening krije kinne.