Lykspul jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean is moandeitejûn de kompetysje út ein set mei in lykspul. Yn de útwedstriid tsjin jong FC Grins waard it 1-1. De beide ploegen wiene oaninoar weage.
Grins naam yn de 50ste minút de lieding troch in frije traap fan Metaj. Fjouwer minuten foar de ein makke Donovan Deekman de fertsjinne lykmakker. Hy die dat op oanjaan fan Sofian Akouilli.