Skaters lâns de alve stêden

De skaters by it byld fan Alvestêderider
Foar it earst wurdt de Alvestêdetocht riden op in skateboard. Claude Weijsters (30), Errol Newby (33), Wijnand de Rijke (24) en Jappy Toering (21) binne moandeitemoarn út Ljouwert fuortgien op in spesjaal lang skateboard.
De tocht is in grutte útdaging foar de skaters. Boppedat sammelje sy mei harren prestaasje ek jild yn foar Warchild. Op 27 augustus komme de skateboarders wer oan by de Bonkefeart yn Ljouwert.