Sykaksje nei bern by Sonnegea

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei en sneintejûn by Sonnegea in grutskalige sykaksje hâlden nei in berntsje dat mooglik fermist waard. Kuierders hiene middeis yn it gers bylâns de Pieter Stuyvesantwei in famkesfyts en wat klean fûn. Fierderop waarden noch wat jongesklean fûn. De bern sels wiene net te finen.
Doe't plysjeminsken yn it fjild neat finen koene, waard in plysjehelikopter mei in waarmtekamera brûkt om de omjouwing ôf te sykjen.