Parkearmeters Dokkum ferfongen

© Omrop Fryslân
Alle 96 parkearmeters en 14 fan de 20 parkearautomaten yn Dokkum moatte ferfongen wurde. De apparaten binne technysk en finansjeel ôfskreaun. B&W fan Dongeradiel wolle in ton ekstra frijmeitsje foar nije automaten yn 't plak fan parkearmeters.
Dy hawwe neffens B&W mear foardielen. Sa kin der by parkearautomaten mei betelkaarten betelle wurde. Boppedat binne se goedkeaper yn ûnderhâld. Der sille noch sân parkearmeters oerbliuwe.