Van Lunzen wint heale maraton

Remon van Lunzen fan Ljouwert hat sneon de heale maraton yn it Drintse Bovensmilde wûn. Van Lunzen rûn de 21,1 kilometer yn 1.11,49. Dêrmei wie hy njoggen minuten rapper as de nûmer twa, Jan Scheenstra fan Zuidveen.
Eelco Hoogeveen fan Blija waard tredde yn it fjild fan sa'n 100 dielnimmers.