Grut graffityfestival Ljouwert

Graffity yn de maak
De muorren fan de âlde Philipsfabryk yn Ljouwert binne dit wykein it dekôr fan in grut graffityfestival. Hûndertfyftich graffitykeunstners fan út de hiele wrâld binne dwaande mei in keunstwurk fan mei-inoar 800 kante meter.
Ljouwert is neffens kenners it Nederlânsk sintrum fan de graffitykeunst. De Dútske keunster Tasso is as topnamme troch de organisaasje nei it festival helle.