Poiesz bliid mei btw-beslút

© Omrop Fryslân
Supermerkketen Poiesz is bliid dat de btw-ferheging fan 19 nei 20 prosint net troch giet. Freed hat it kabinet dêrta besluten. It kabinet wie fan plan mei yngong fan 2009 de btw op alle produkten te ferheegjen.
Yntusken hat bliken dien dat de btw ferheging de ynflaasje omheech bringe soe en dat it fan ynfloed is op de keapkrêft. Algemien direkteur Smit fan Poiesz tinkt dat it mei in wat minder geunstige ekonomy net ferstannich is om de btw te ferheegjen.