Donkervoort baas Piter Jelles

Ineke Donkervoort fan Beetstersweach begjint no moandei as ynterim-kolleezjefoarsitter fan skoalmienskip Piter Jelles. Se folget Peter Nieuwstraten op, dy't opstapte yn ferbân mei de krisis dy't flak foar it nije skoaljier ûntstie
Fiif fan de acht direkteuren hiene har siik melden yn ferbân mei in konflikt. De direkteuren binne yntusken wer oan it wurk. Donkervoort hat de nedige ûnderfining; se wie û.o. direkteur fan in hegeskoalle yn Amsterdam.