CDA besoarge oer spoarbrêge

Twadde Keamerlid De Rouwe fan Boalsert
It CDA yn de Twadde Keamer is benaud dat de spoarbrêge by Akkrum aanst moannenlang net betsjinne wurdt. Yn it jier dat de brêge der leit ha der al faak steuringen west mei de brêge. Eigner ProRail hat de steuringen ferholpen om it treinferkear en ek it skipfeartferkeap trochgean te litten.
It CDA is benaud dat as de simmer foarby is de skipfeart gjin prioriteit mear krijt. Boppedat binne dy steurings min foar it betrouwen fan 'e treinreizgers, seit Sander de Rouwe.