Reflektearjende húsnûmers

Bewenners fan it bûtengebiet fan Achtkarspelen krije mooglik pealtsjes mei reflektearjende húsnûmers. In foarstel fan de FNP dêroer is justerjûn yn de ried oannommen. Doel fan de reflektearjende húsnûmers is dat de huzen dan better te finen binne foar de helptsjinsten.
Yn Smellingerlân hawwe in tal doarpen ek al fan ditsoarte húsûmer-pealtsjes. It kolleezje fan Achtkarspelen sil it foarstel útwurkje en de kosten fan it foarstel trochrekkenje.