Klok fan Doanjum nei Dútslân

De klok fan de tsjerke fan Doanjum sil der freed úthelle wurde, sadat er yn Dútslân makke wurde kin. Der sit nammentlik in skuor yn fan wol 20 sintimeter.
It is net allinnich de klok dy't in opknapbeurt nedich hat. Ek de toer sels is der net bêst mear oan ta.