Ghoochannejhad wer blessearre

Reza Ghoochannejhad
Hearrenfeanspiler Reza Ghoochannejhad is wer foar langere tiid útskeakele. De 20-jierrige spits rekke ferline wike yn de wedstriid tsjin Excelsior Moeskroen blessearre oan ´e knibbel. Woansdei hawwe se Reza holpen oan syn meniskus. Wierskynlik is er sa´n fjouwer oant seis wike útskeakele.
Ferline jier skuorde Reza syn foarste knibbelbân ôf, wêrnei´t er in jier útskeakele wie. Yn de tarieding spile Reza in soad yn ´e ploech fan trainer Trond_Sollied.