Frou ûngelok Epe noch stoarn

It ûngelok begjin july yn Epe, dêr't fjouwer Friezen by belutsen wiene, hat in tredde deadlik slachtoffer makke. It giet om in frou út Jobbegea. De fjouwer fytsende Friezen waarden by Epe oanriden troch in 85-jierrige man. Dy wie wierskynlik de macht oer it stjoer ferlern om't er net goed waard.
De 60-jierrige man fan de frou út Jobbegea ferstoar op it plak fan it ûngelok, in frou út Lippenhuzen in dei letter. Har man rekke ferwûne. De slachtoffers wiene mei fakânsje yn Epe.