Fernielings tankstasjon H´fean

By in tankstasjon oan De_Ynfeart op It_Hearrenfean binne woansdeitenacht in tal slangen trochsnien. Ek waarden tankpistoalen fernield.
By it neistlizzende bedriuw waarden fan trije auto´s de spegels stikken makke. Beide bedriuwen hawwe oanjefte dien by de plysje. Dy is noch op syk nei dieders.