Partoer Afke Kuipers wint PC

Afke_Kuipers, Ingrid_de_Haan en Leonie_van_der_Graaf hawwe woansdei ferrassend de 32ste edysje fan de Frouljus-PC wûn. Afke Kuipers-en-dy hiene it yn de earste omloop noch dreech tsjin it partoer fan Margriet Koelmans, mar keatste fierders sterk. Yn de finale wiene Kuipers-en-dy mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Rianne_Dorst, Inge_Algra en Maaike Osinga.
It winnende partoer krige de krânsen omhongen troch de winners fan de Manljus-PC yn Frjentsjer.