ProRail frustreard oer brêge

© Omrop Fryslân
De nije spoarbrêge by Akkrum wurdt stadichoan in grutte frustraasje foar ProRail. Woansdei wie it wer mis. Troch in steuring koe de trein tusken Ljouwert en Swolle der net del. Ek it ôfrûne wykein lei de spoarbrêge der in skoft út.
De defekten komme flak nei it oerlis dat de spoarbehearder mei de provinsje hân hat. Deputearre Adema easke yn dat petear dat ProRail de steurings yn de brêge op koarte termyn oplost. De brêge leit der no hast in jier yn.