Team Wolvegea nei Dakarrally

Wolvegea docht takommend jier mei fjouwer man mei oan de romrofte Dakar_Race. Se sille ride mei in rally-auto en in truck. Dit jier waard de race skrast om feilichheidsredenen, ta grutte teloarstelling fan it Wolvegeaster team. Yn 2009 ferhuzet de race dêrom nei Súd-Amearika.
Op 3 jannewaris giet de race fan start yn Buenos_Aires.