Wrakkekaart fan Waad yn maak

© Omrop Fryslân
De boaiem fan de Waadsee wurdt de kommende jierren mei lûdsgolven ôfsocht nei skipswrakken. Mei de ynformaasje fan fiskers, dûkers en ynstansjes wurdt sa in wrakkekaart fan it hiele Waadgebiet gearstald.
Op de âlde skipfeartrûtes ûnder Tessel en tusken Skylge en Flylân lizze de measte fan dizze wrakken. Troch de ynventarisaasje moat it erfguod fan de Nederlânske skipfeartskiednis feilichsteld wurde.