Ambulânseminsken nei skoalbern

De oanbieding fan it lespakket yn Stiens
Bern yn groep 5 en 6 fan de basisskoalle krije foarljochting oer it wurk fan ambulânsepersoniel. De ambulânsetsjinst docht dat om bern dúdlik te meitsjen hoe wichtich har wurk is. Se hoopje dat bern dan net mear falske meldingen dogge en it personiel net yn it paad rinne.
De learlingen fan Iepenbiere Basisskoalle de Jint yn Stiens hiene tiisdei de primeur. De lespakketten waarden mei twa ambulânses op skoalle brocht.