Grutte dei foar Epke op OS

It is tiisdei dé grutte dei foar de Lemster turner Epke Zonderland op de Olympyske Spelen yn Beijing. Middeis tsjin healwei twaen is de finale fan it ûnderdiel rekstôk en dat is it momint dat it barre moat.
Zonderland sil deselde oefening dwaan as yn ´e kwalifikaasje. Hy hat wol in swierdere fariant oefene, mar it risiko op flaters is te grut, fynt syn trainer Gerard_Speerstra. Bern op Epke syn legere skoalle op ´e Lemmer sjogge de wedstriid yn ´e gymseal.