EVT no echt út ein set

De Eigen_Veerdienst_Terschelling (EVT) is moandeitemoarn foar it earst útfearn nei Harns. De feartsjinst is yn hannen fan eilanner ûndernimmers út ûnfrede oer rederij Doeksen. De belangstelling foar de earste oerstek wie net grut, want der wiene mar fjouwer passazjiers.
Haantjes fan de EVT seit dat de rederij oprjochte is om ynfloed te hawwen op de berikberens fan Skylge en om de tariven. Hy neamt de start fan de EVT in ´moai jongesaventoer´.