Krintsjebrij makket trochstart

Bessola krintsjebrij
Bessola, yn Fryslân ek bekend as krintsjebrij, is tenei gewoan wer yn de winkels te keap. Suvelkonsern Friesland_Foods hâlde koartlyn op mei it meitsjen fan Bessola. In biologysk suvelbedriuw yn Leusden hat de produksje oernaam. It sil de brij neffens itselde resept meitsje as Friesland Foods.
Supermerken as de C1000, Poiesz en Albert_Heijn hawwe oanjûn it produkt wer ferkeapje te wollen. De nije produsint hopet sa´n 900.000 pakken jiers te ferkeapjen.