Gariper Skomke krijt ferfolch

It spesjale bier is in grut súkses
It spesjale bier dat makke wie foar it Gariper doarpsfeest is sa´n grut súkses dat it in ferfolch krijt. Buertferiening De Westerein hie it bier eins as in grapke meitsje litten, mar al op de earste dei wiene alle 750 fleskes ferkocht. De buertferiening hat derom besletten om minsken de kommende tiid noch de kâns te bieden om op ynternet bier te bestellen.
It resept foar it Gariper Skomke soe komme út de midsieuwen, mar waard al ieuwen net mear ferkocht.