Auto yn sleat by Rie

© Omrop Fryslân
By in iensidich ûngelok op de Berltsumerwei yn Ried is sneintemoarn in auto mei fjouwer ynsittenden yn de sleat bedarre. De ynsittenden kamen allegearre fan Berltsum.
It is net bekend hoe´t de auto fan ´e dyk rekke is. Trije fan de fjouwer ynsittenden binne mei klachten yn it liif en oan ´e nekke mei de ambulânse nei it MCL brocht. Nei ûndersyk koene se alle trije wer nei hús.