Ljouwerter yn Grins oanhâlden

De auto total-loss (foto 112groningen)
In 28-jierrige Ljouwerter is sneon yn Grins oanhâlden, omdat hy belutsen wie by in ûngelok. In 28-jierrige Grinzer wie yn Grins op de Grinzerwei mei syn auto yn it wetter rekke. Hy ferklearre dat hy útwike moast foar in oare auto. Op basis fan kamerabylden koe dy oare auto opspoard wurde. De sjauffeur wie de 28-jierrige Ljouwerter, mar dy hie lykwols gjin rydbewiis.
De auto is yn beslach nommen. De auto fan it slachtoffer wie total-loss. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok.