Fernielings yn taksybuske

© Omrop Fryslân
Fiif jongeren binne sneintemoarn oanhâlden foar fernielings yn in taksybuske by Appelskea. De fiif binne tusken 16 en 19 jier âld en komme út Drachten, Terwispel en Jobbegea.
Se wiene yn Beilen opstapt foar in rit nei Easterwâlde. Underweis ûntstie in skeel mei de sjauffeur oer in wiziging fan de bestimming en de betelling. Dêrop begûnen de jongeren yn it buske saken te fernielen. De sjauffeur sette de bus stil. De jonges naaiden út, mar koene letter oanhâlden wurde.