Amerikaan Steenberge nei Aris

© Omrop Fryslân
Basketbalclub Aris_Friesland hat opnij in Amerikaan oanlutsen. It giet om Kevin_Steenberge, in 2.11 meter lange center. Steenberge hat in 3-jierrich kontrakt by Den_Bosch tekene, mar wurdt it earste jier ûnderbrocht yn Ljouwert. Aris_Friesland hat in gearwurkingsferbân mei de Bosschenaren.
Takom wike sil de seleksje fan Aris noch útwreide wurde mei in Amerikaanske inside-spiler. De tarieding begjint op 25 augustus.