Hamburger sil nei Oxford

Sjoerd Hamburger giet noch in jier troch
Roeier Sjoerd_Hamburger fan Aldeberkeap giet nei de Olympyske Spelen nei de Universiteit fan Oxford yn Ingelân. Hy sil dêr studearje, mar ek meidwaan oan de ferneamde roeirace Oxford-Cambridge. Ek is er fan doel om yn alle gefallen noch in jier troch te gean mei roeien op it heechste nivo.
Hamburger einige it roeitoernoai yn de skiff freed as trettjinde nei in oerwinning yn de C-finale. Foar in hegere klassearring wie er earder al útskeakele.