Mear jild foar kultuer

Ljouwert stekt fan 2009 ôf jierliks njoggen ton ekstra yn mear kultuer yn de stêd. It nije kultuerbelied is freed presintearre. It giet goed, mar it moat noch better troch benammen mear gearwurking tusken kulturele ynstellingen. De_Harmonie, Tryater en Parnas moatte mei elkoar twa grutte produksjes opsette. As dat net slagget, krije se minder jild.
De gemeente wol dat der mear ´reuring´ yn de stêd komt en ek yn de wiken bûten it sintrum.