Jenning Huizenga útskeakele

Huizenga (foto Martin de Jong)
Baanhurdfytser Jenning_Huizenga fan Frjentsjer hat freed de kwalifikaasjeronde fan it ûnderdiel yndividuele achterfolging net oerlibbe. Dat is in grutte ôffaller foar Huizenga, want yn maart waard er noch twadde op de wrâldkampioenskippen.
Huizenga prestearde net bêst op de Olympyske hurdfytsbaan. Hy helle de achttjinde en alderminste tiid mei 4.37,097. Allinnich de acht bêsten gean troch nei de earste ronde.