Foppe: Wa hâldt Messi tsjin?

De Argentijnske spits Lionel Messi
Bûnscoach Foppe_de_Haan sil de opstelling fan Jong_Oranje op ´e nij omgoaie foar de wedstriid tsjin Argentynje. Evander_Sno komt nei alle gedachten wer werom nei in skorsing. Calvin_Jong-A-Pin sil sintraal yn de ferdigening spylje op it plak fan de skorste Jaliens. Erik_Pieters spilet dan links op Jong-A-Pin syn plak.
De grutte fraach foar Foppe is: Wa hâldt oanfaller Lionel_Messi tsjin? De Haan jout Nederlân 40 % kâns om de kwartfinale te oerlibjen.