Tsjerke Finkegea mei bewenne

de tsjerke yn Finkegea mei bewenne wurde
It tsjerkje yn Finkegea mei bewenne wurde. Dat hat it kolleezje fan Weststellingwerf besluten. Yn maart is hjirta in fersyk yntsjinne mei de garânsje dat it tsjerkje der wer as fan âlds útsjen sil.
De tsjerkeried stipet it plan en it past ek goed yn de plannen fan de gemeente. It begraafplak bliuwt wol bestean. Om dat goed skiede te kinnen, binne dúdlike ôfspraken makke.