Oprop:frijwillich stekke litte

Foar in ûndersyk nei it ferbân tusken de wetterstân yn it Fochtelderfean en it tal stekneven litte minsken har frijwillich stekke. Der wurdt no in nulmjitting dien en yn de tiid dat it gebiet wieter makke wurdt, sil alle jierren itselde ûndersyk herhelle wurde. Sa moat besjoen wurde oft der ek mear stekneven komme as it gebiet wieter wurdt.
Alle kearen dogge deselde minsken oan it ûndersyk mei, om't de ynsekten sinnich binne yn wa´t se stekke.