Jakob Poulsen nei Aarhus

Poulsen yn syn nije shirt(boarne 442.dk)
Middenfjilder Jakob_Poulsen hat woansdei in fjouwerjierrich kontrakt tekene by de Deenske club AGF_Aarhus. Poulsen sil no snein al syn debút meitsje by de hjoeddeiske nûmer 9 fan de Deenske kompetysje. Aarhus nimt it snein op tsjin Brondby.
Poulsen stie sûnt 2005 ûnder kontrakt by Hearrenfean. It ôfrûne seizoen spile er noch tritich kompetysjewedstriden by Hearrenfean. Fan trainer Trond_Sollied mocht Poulsen fuort.