Lilk om ôfsluting rydbaan

De ôfsluting fan 'e rjochter rydbaan op 'e A32 rjochting noarden by Teridzert is min foar ûndernimmers yn Weststellingwerf. Dat seit wethâlder Plekkenpol. De gemeente fynt ek dat de ôfsluting te lang duorret.
Rykswettersteat hat tiisdei per direkt in rydbaan ôfsluten omdat der te grutte hobbels en spoaren yn 'e dyk sitte. Deputearre Adema wol gau mei minister Eurlings fan Ferkear oer de saak prate. Dat petear wachtet Weststellingwerf ôf.