Kitesurfer klapt del op strân

In 28-jierrige kitesurfer is woansdei by de Plattedyk op ´e Lemmer ferwûne rekke. Troch in wynpûster waard er ynienen meters heech de loft yn skuord. Dêrom keppele er de draak los en kaam er op it strân telâne.
De kitesurfer is mei ferwûnings oan de pols en it skouder nei it sikehûs rekke. Nei alle gedachten hat er de pols stikken.