Hamburger pas freed yn aksje

Hamburger aksje yn de C-finale
Roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap komt freed pas yn aksje op de Olympyske Spelen yn de C-finale. De wedstriid yn de skiff stie tongersdei op it programma. Mar fanwege it minne waar is dy útsteld oant freed. De C-finale giet om it 13de oant it 18de plak.
Hamburger is nei de C-finale yn prinsipe útroeid. Mar der bestiet in lytse kâns dat hy snein meidocht yn de finale fan de Hollân acht fanwege in blessuere fan ien fan 'e oare roeiers.