Lykspul H´fean tsjin amateurs

Kalou makke syn earste goal
SC_Hearrenfean hat woansdeitejûn mei 3-3 lykspile tsjin de amateurs fan Spakenburg. Yn de alderlêste minút soarge Donovan_Deekman foar de lykmakker en foarkaam dêrmei in echte blamaazje fan syn ploech. Hearrenfean wie earder yn de wedstriid mei 2-0 foarkaam troch goals fan Bonaventure Kalou en Paulo_Henrique.
Dêrnei kaam Spakenburg better yn de wedstriid en bûgde de efterstân om yn in 3-2 foarsprong. Mei tank oan de rappe Deekman waard it dus noch lyk.