Zijlstra makket 4 koarte films
Filmmakker Tjepke_Zijlstra makket dizze wike op ferskate plakken yn Fryslân fjouwer koarte films. Yn de films wol de oarspronklik út Jirnsum kommende Zijlstra it gefoel fan syn jeugd weromkrije. It projekt wurdt produsearre troch produksjehûs ´n Meeuw út Ljouwert.
Fiif learlingen fan de Jeugdteaterskoalle yn Ljouwert spylje de haadrollen. De fjouwer films fan twa minuten binne yn novimber te sjen op it Noardlik Filmfestival.