Gjin treinen Akkrum-Ljouwert

© Omrop Fryslân
Treinreizgers moatte tusken Akkrum en Ljouwert rekken hâlde mei fertraging. Troch in stikkene brêge ride der op dat trajekt op it stuit gjin treinen.
Minsken wurdt oanret oer Grins te reizigjen. Dat betsjut wol dat je dan samar twa oeren langer ûnderweis binne. Wat de oarsaak is fan de stikkene brêge is net bekend. Monteurs binne ûnderweis.