Feiligens Duinenzathe goed

Feiligens en hygiëne wiene goed
De feiligens by attraksjepark Duinenzathe yn Appelskea is goed op oarder. Dat hat bliken dien út in kontrôle fan de Voedsel- en Warenautoriteit.
Attraksjeparken wurde alle jierren kontrolearre en beoardiele op saken as feiligens en hygiëne. Beide wiene by Duinenzathe goed yn oarder. It park moat de administraasje wol wat better foarinoar meitsje, fine de kontroleurs fan de VWA. Eigner Jasper fan Duinenzathe foarsjocht dêr gjin problemen mei.