Kringloopwinkel krijt twa jier

© Omrop Fryslân
Kringloopwinkel Hart in Friesland yn Drachten moat binnen twa jier in oare lokaasje sykje. Dat seit wethâlder Veenstra fan Smellingerlân. De winkel sit op in yndustryterrein en dêr is gjin detailhannel tastien. De winkel sit der noch net sa lang.
De opbringst fan de ferkeap fan healsliten guod giet nei in goed doel. De gemeente jout de eigner twa jier de tiid om oar plak te sykjen. Sa lang mei de winkel op it yndustryterrein bliuwe.