Ljedderfabryk Centrum fallyt

Doek falt foar Feanster ljedderfabryk
De rjochtbank fan Den_Haach hat tiisdei ljedder- en steigerfabryk Centrum op It_Hearrenfean fallyt ferklearre. Dat bestjut dat de tweintich wurknimmers op strjitte komme te stean. Eigner Peters hat sels it fallissemint oanfrege omdat er de leanen net mear betelje koe en ek syn oare ferplichtings net neikomme koe.
Ek de fakbûnen wiene fan doel om it fallissemint oan te freegjen. Earder helle de bank it fabryk leech. De meiwurkers wurken sadwaande net mear.