Hamburger nei de C-finale

Roeier Hamburger hat de C-finale helle
Roeier Sjoerd_Hamburger fan Aldeberkeap hat de C-finale helle op de Olympyske Spelen. Yn de heale finale wûn er oertsjûgjend syn searje. De skiffeur wie seis sekonden hurder as de nûmer twa. Yn de C-finale op tongersdei giet it om de plakken 13 oant 18. Hamburger waard moandei yn de kwartfinale útskeakele.
Mooglik docht Hamburger snein noch mei oan de finale mei de Hollân_Acht. Ien fan de fêste dielnimmers is net fit, wêrtroch´t Hamburger ynspringe kin.