Berging baggerskip nije wike

It baggerponton op ´e Wide Ie
It baggerskip dat ôfrûne snein omslein is op de Wide_Ie by Suwâld, sil nije wike burgen wurde. Dat hat Wetterskip Fryslân bekendmakke. De berging kin allinnich by goed waar wêze. By hurde wyn sil in oar momint keazen wurde.
Tiisdei hat it wetterskip nije skermen om it baggerskip hinne pleatst omdat der dochs noch oalje lekte. Ek is der fan snein ôf sa´n 800 liter oalje út it skip weihelle. Der is no noch sa´n 3500 liter gasoalje yn it skip. It bergjen soe earst tongersdei wêze.