Boalserter gebou yn tv-program

"De Kleine Dijlakker 17"
De âld jeneverstokerij en it hûs fan de famylje Albada Jelgersma yn Boalsert dogge dit jier mei oan it tillevyzjeprogramma 'Restauratie'. Yn it programma wurde monumintale pânen of objekten presintearre dy't ta binne oan in restauraasje. De sjoggers bepale hokker gebou ien miljoen euro krijt foar de restauraasje. It pân út Boalsert is diels yn de 16e ieu en diels yn de 18e ieu boud.
It programma 'Restauratie' is fan 18 septimber ôf te sjen op Nederlân 1.