Hegemer Mar: syljacht omslein

Op de Hegemer Mar ticht by De Fluezen is tiisdeitemiddei in kajútsylboat omslein. De brânwacht fan ûnder oare Koudum is yn aksje kommen mei twa boaten. De opfarrenden fan it jacht wiene lykwols al oerstapt op in foarbyfarrend skip. Se binne nei De_Gaastmar brocht.
Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke by it ûngelok.