Gariper Skomke op ´e merk

© Omrop Fryslân
Op it doarpsfeest fan Garyp sil tongersdei it biermerk Gariper Skomke oan ´e man brocht wurde. It bierke wurdt troch de buertferiening De Westerein yn de merk set. Dat alles fanwege de optocht dy´t it tema reklame hat.
Doarpshistoarikus Cees_Blom hat útfûn dat der yn 1300 yn de omkriten fan Garyp bier makke waard. Dat is no neimakke. It Gariper_Skomke wurdt makke yn Noard-Brabân en hat in alkoholpersintaazje fan fiif persint.